Fryske oanpak guozze-oerlêst krijt mear tiid om him te bewizen

08 jan 2019 - 16:27

De Fryske oanpak fan de guozzeproblematyk wurdt mei fiif jier ferlinge, alteast as it oan it kolleezje fan Deputearre Steaten leit. Troch de ferlinging krijt de oanpak mear tiid om him te bewizen. Boppedat kin oer fjouwer jier dan ek it Europeeske guozzebelied yn de nije oanpak opnaam wurde. It Europeeske belied is no noch net klear.

Foto: Henk Bootsma

Oarspronklik rûn de Fryske oanpak oant en mei 2020. Mar yn 2017 kaam der in ferskerpe oanpak. Der is mear tiid nedich om út te sykjen oft dizze nije oanpak wurket. Dêr liket it wol op. Yn it ôfrûne winterseizoen is de skea troch guozzen mei in kwart weromrûn.

Better op ynspylje

De ferskerpe oanpak set oan de iene kant yn op maatregels foar it ferminderjen fan skea oan it lân troch guozzen. Tagelyk wurde guozzen beskerme wêr't dat moat. Ferlinging fan it nije belied jout de provinsje, boeren en jagers mear tiid om der better op ynspile te reitsjen.

Trefwurden: 
provinsje oerlêst guozzen
(Advertinsje)
(Advertinsje)