Snitser (33) frijsprutsen fan fertsjustermoanjen hierauto

08 jan 2019 - 16:13

In 33-jierige Snitser is tiisdei troch de plysjerjochter frijsprutsen fan it fertsjustermoanjen fan in hierauto. De rjochter luts de konklúzje dat de man net fan doel wie om de hierauto te hâlden.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man út Snits hie foarich jier maart in Citroën C3 hierd. Hy hie de auto meikrigen foar twa dagen, mar de hierauto bleau langer fuort. Ek nei in telefoantsje fan it ferhierbedriuw, in brief en in oantekene brief brocht de Snitser de auto net werom.

Yn panyk

Yn de rjochtseal joech de man oan dat hy fergetten wie om troch te jaan dat er de auto langer hâlde woe. Nei't it ferhierbedriuw fertelde dat se oanjefte dwaan soene as de auto net rap weromkomme soe, rekke de Snitser nei eigen sizzen yn panyk. Hy wie benaud dat er oppakt wurde soe as de plysje him yn de auto riden seach.

Wanprestaasje

Uteinlik hat it ferhierbedriuw de auto sels wer ophelle. De offisier fan justysje konkludearre dat der earder sprake wie fan in wanprestaasje as fan fertsjustermoanjen. De offisier fûn dan ek dat de man frijsprutsen wurde moast. De plysjerjochter wie it dêr mei iens.

(advertinsje)
(advertinsje)