Jildtransporteur SecurCash dochs fallyt ferklearre

De rjochtbank yn Den Haag hat jildtransporteur SecurCash Nederland dochs fallyt ferklearre. In wurdfierster fan de rjochtbank hat dat meidield. It bedriuw hat in fêstiging yn Drachten, dêr't sa'n 40 minsken wurkje. Lanlik wurkje by it bedriuw mear as 300 minsken, wêrfan't 220 fêste meiwurkers.
Kassajild © Shutterstock.com
Ferline wike frege SecurCash al fallisemint oan, mar dat waard ôfwiisd troch de rjochter. Dy sei dat er doe noch foldwaande middels wiene om de skuldeaskers te beteljen. Ek soene se it fallisemint net om de goede redenen oanfrêge ha. Letter waard wol útstel fan betelling ferliend.