Jildboete foar Lemster dy't yn dronken bui terrassen fernielde

08 jan 2019 - 15:35

In 21-jierrige Lemster dy't ein augustus ferline jier it terrasmeubilêr by trije hoarekasaken yn syn wenplak fernielde, is troch de rjochter feroardiele ta in jildboete fan 500 euro en in selstraf fan 2 wiken ûnder betingst.

Bier - Foto: Shutterstock.com

Yn in dronken bui fernielde de man plantebakken, terrasstuollen en tafels fan trije hoarekasaken oan de Langestreek. Nei in nachtsje yn de sel is de man by de kroegen delgong om syn ekskús oan te bieden. Ek hat er oanbean om de skea te fergoedzjen.

Sûnt de fernielings hat de man gjin drip alkohol mear hân. De rjochter hat dat meinaam yn syn útspraak.

Trefwurden: 
fernielings Lemster dronken
(advertinsje)