Plysje siket autobestjoerder dy't trochried nei oanriden fan fytser by Suwâld
De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok sneontemoarn betiid op it Noorderend by Suwâld. In 17-jierrige fytser út Ryptsjerk waard dêr tusken kertier oer tolven en healwei ienen rekke troch in auto. De bestjoerder ried troch.
De fytser kaam te fallen en bruts dêrby meardere tosken. Syn gesicht moast oplape wurde.