Richard Kiewiet: "We kunnen de Wadden wel aanwijzen als werelderfgoed, maar we kunnen het niet beschermen"

"We kunnen ons Waddengebied wel als werelderfgoed aanwijzen, maar we kunnen het niet beschermen." Dat seit Richard Kiewiet fan It Amelân. Hy makket him grutte soargen oer twa konteners dy't oerboard slein binne fan kontenerskip MSC Zoe en noch altyd boppe East-Amelân lizze. "Laten we hopen dat die zo snel mogelijk geborgen kunnen worden."
Swalkôffal op it Waad. © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Kiewiet hopet dat de wyn út it noarden kommen bliuwt, sadat de rommel út dizze konteners net yn de kwelders bedarret. Wat der krekt yn de konteners sit, is noch ûnwis. "Het is in ieder geval geen gif", wit Kiewiet.

'Vrijbuiters'

Oant no ta is der noch gjin guod oanspield op It Amelân, safier as Kiewiet wit. "Maar grote delen van de stranden zijn nog niet begaanbaar." It strân op It Amelân is lykwols gewoan tagonklik foar minsken dy't nijsgjirrich binne. Dat yn tsjinstelling ta oare eilannen, dy't in besite oan it strân ferbean hawwe. "Wij zijn wat meer vrijbuiters, iedereen heeft z'n eigen verantwoording", seit Kiewiet.
Richard Kiewiet
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.