Boarlokaasje NAM op It Amelân diels fuortspield troch stoarm

De âld-NAM-lokaasje op It Amelân is tiisdeitemoarn troch it heechwetter ûnderspield. Fersmoarge grûn is mooglik de see yn spield. "Dat kunnen we pas concluderen als de storm is gaan liggen", seit Richard Kiewiet fan It Amelân.
Eardere NAM-lokaasje It Amelân © Eigen foto
Der is earder al in diel fan de lokaasje fuortspield en no wer. It is net dúdlik oft der wol of net fersmoarge grûn de see ynspield is, ferfolget Kiewiet. "Met die conclusie moeten we nog een beetje voorzichtig zijn."
De eardere NAM-lokaasje by Hollum op It Amelân is yn de jierren sechstich oanlein troch de NAM as gaswinningslokaasje. Der is nea gebrûk fan makke as gaswinning, mar by boarringen is de grûn wol fersmoarge troch disel. Yn 2018 is de NAM begûn mei it opromjen dêrfan. Dit moat uterlik yn maart 2019 klear wêze.

Needdyk

Der wie in dyk fan grutte sânsekken boud om it plak te beskermjen by heechwetter. Dizze needdyk fan bigbags en in diel fan de sânfundaasje binne tiisdei fuortslein troch de stoarm yn kombinaasje mei springtij.
De NAM docht ûndersyk oft der ek fersmoarge grûn fuortspield is. Sadree't it wetter sakket, sil de dyk fan bigbags wer op 'e nij opboud wurde.
NAM-lokaasje by Hollum foar de stoarm © Google Maps