Dokkumer slachter giet by buorkerijen del yn mobyl slachthûs

08 jan 2019 - 11:40

Slachthuis Dokkum BV hat in frachtwein omboud ta mobyl slachthûs. Dêrmei kinne bisten dy't net ferfierd wurde meie dochs slachte wurde. De slachterij kin ek ynset wurde by it slachtsjen fan wylde bisten.

Foto: Mobiel Slachthuis

De bisten wurde yn de frachtwein deadien, wêrnei't it bloed derút helle wurdt. De fierdere slacht fynt plak yn it gewoane slachthûs. It mobile slachthûs is in antwurd op it ferdwinen fan lytsere slachthûzen. Dêrtroch wurde de ôfstannen nei de slachterij hieltyd grutter. Bisten ûnderfine ûnderweis faak stress en komme ferwûne oan by de slacht.

Slachthuis Dokkum hat yn desimber in proef dien, wêrnei't dizze moanne de offisjele lansearring folget. It bedriuw hat seis jier wurke om it konsept út te wurkjen en om tastimming te krijen. Mocht it mobile slachthûs in sukses wurde yn it Noarden, dan wol it bedriuw it oer hiel Nederlân útrôlje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)