Willem Wilstra op sânplaat De Kalkman: "De wyn komt hjir ta de stekkergatten út!"

08 jan 2019 - 11:24

Wêr't elkenien mei dit stoarmwaar feilich binnen bliuwt, siket Willem Wilstra (78) it aventoer just op. Hy sit op sânplaat De Kalkman en slept dêr twa nachten yn it nije fûgelwachtershûs. "It waait hjir dat it rikket. De wyn komt ta de stekkergatten út!"

Foto: Willem Wilstra

It wetter kletst ús hast tsjin de kont oan.

Willem Wilstra

Hurde wyn en hege weagen; it kin net moaier, fynt Willem Wilstra. Hy genietet folop fan syn ferbliuw op sânplaat De Kalkman. "Wy ha hjir in moai hûs op peallen. It wetter kletst ús hast tsjin de kont oan. De boel skommelet sa no en dan wat. Mar wy komme hjir oan neat te koart."

Der is gjin better plak om de stoarm fan tichtby mei te meitsjen, wit Wilstra yntusken. "Fannacht om trije oere waard ik wekker, doe waaide it dat it rikke. Skitterjend."

Foto: Willem Wilstra

Wy ha beide hannen nedich om oerein te bliuwen.

Willem Wilstra

Al jierren dreamde Wilstra fan in nachtsje op de sânplaat. "Fyftich jier ferlyn gong ik oan it wurk op in rêdingsboat. Dan foeren wy hjir altyd by De Kalkman del en hie ik mei stoarmwaar beide hannen nedich om oerein te bliuwen, sa need gong it hjir. Wy moasten sa no en dan mei de rêdingsboat nei de fûgelwachters op De Kalkman ta om iten en drinken te bringen. Doe al like it my altyd prachtich om hjir nochris mei min waar te wêzen. En no is it safier. En ik moat sizze: it is hjir in geweldich plakje!"

Foto: Willem Wilstra

Ik bliuw graach noch in nachtsje ekstra!

Willem Wilstra

Fan tichtby sjocht Wilstra de gefolgen fan de kontenerramp, wêrby't it kontenerskip MSC Zoe 281 konteners kwytrekke. "Op it rif hjir tichtby leine twa konteners, dy't al foar in part leech helle wiene. De rûge see hat ien fan dy konteners meinaam. Dy is op dit stuit op wei nei Lauwerseach. En de oare sjogge wy hielendal net mear."

Fansels makket Wilstra ek folop foto's foar yn syn boeken. "Wy fermeitsje ús super goed. It doel is dat wy hjir moarn wer wei gean. Mar dat is noch efkes ôfwachtsjen oft se ús dan wol ophelje kinne. En oars bliuw ik graach noch in nachtsje ekstra!"

Willem Wilstra op De Kalkman

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)