Twa konteners yn Noardsee mei behelp fan sonarbylden burgen

08 jan 2019 - 11:12

Noardlik fan Skylge binne de earste twa konteners burgen, dy't oerboard slein binne fan it kontenerskip MSC Zoe. It wiene twa stikkene konteners sûnder lading. Se wiene lokalisearre mei help fan sonarbylden.

Foto: Kustwacht Nederland

Mei de berging fan dizze earste twa is dúdlik wurden dat sonarbylden goed wurkje by it opspoaren fan de konteners. De berging fan de oare konteners kin noch net begjinne, fanwege it waar. Ek is it bergjen ôfhinklik fan hoe't se lizze, oft se goed te sjen binne ûnder wetter en de skipfeart op it plak dêr't se lizze.

Der binne no njoggentjin konteners oanspield: achttjin yn Nederlân en ien yn Dútslân. Yn de fargeul binne 220 konteners lokalisearre. Fan de oare 42 is noch net bekend wêr't se krekt binne. Dêr wurdt fierder nei socht.

GRIP-4

Hieltyd mear gemeenten, ek dy by de Waadkust fan Fryslân en Grinslân del, hawwe te krijen mei oanspield guod út konteners. Feilichheidsregio Fryslân hat dêrom opskaald nei GRIP-4.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)