Wittenskippers gripe kontenerramp oan om oseaan yn kaart te bringen

08 jan 2019 - 10:35

In team fan oseänografen wol it ûngelok mei it skip MSC Zoe oangripe om ûndersyk te dwaan nei plestik dat yn de see bedarret. Want dat der no yn ien kear safolle plestik yn de see telâne kaam is, is in unike kâns foar ûndersikers fan Universiteit Utrecht. Wittenskipper Erik van Sebille fûn it yn earste ynstânsje ferskriklik dat der sa'n soad plestik yn de Noard- en Waadsee bedarre wie. Mar al gau feroare er fan gedachten.

Universiteit Utrecht - Foto: Wikipedia

"Dit is ook een best mooi experiment", fertelt Van Sebille tsjin NOS. "Dit is heel interessant natuurlijk, dat er zo veel spullen op één plek in één keer in zee komen, en die allemaal met de stromingen worden meegenomen, dat biedt wel mogelijkheden om beter te begrijpen hoe stromingen dan dingen transporteren."

Fan 99 prosint fan al it plestik dat yn de ôfrûne sechstich jier yn de oseaan telâne kommen is, witte wittenskippers net krekt wêr't it is. Der is dus eins hast neat bekend oer al dat plestik yn it wetter. En dat komt omdat se net goed begripe hoe't it wurket mei oseaanstreamings en hoe fluch guod nei de boaiem sinkt.

Oprop

Van Sebille rôp fiskers, frijwilligers en oare oprommers op om de kommende wiken en moannen goed by te hâlden wat se fine, en wêr't se dat fine. En dêr moatte se dan sa gau mooglik mei begjinne.

"Al het weten begint natuurlijk bij meten. Het allerbelangrijkste is heel veel meetgegevens verzamelen. Ik zou ontzettend graag willen weten wat en hoeveel er nou precies op die stranden het afgelopen weekend is verzameld", ferfolget Van Sebille.

Erik van Sebille fertelt oer it ûndersyk tsjin NOS

Kompjûtersimulaasjes

Van Sebille en syn kollega's meitsje kompjûtersimulaasjes fan hoe't de oseanen streame en hoe't se al dat plestik ferfiere. Dy simulaasjes slagje allinnich at se oannimme dat it plestik driuwen bliuwt. Der binne lykwols allegear prosessen dy't de wittenskippers noch net begripe, om't der net genôch gegevens fan binne. "Als we nu deze kans benutten om eens een goede kaart te maken van waar wanneer welk plastic op de oceaanbodem is gevonden", seit Van Sebille.

Oan de hân fan sa'n kaart soe dan net allinne dúdlik wurde moatte wêr't it plestik hinne streamt, mar ek hoelang't it driuwen bliuwt. De ûndersikers wolle op koarte termyn mei de fiskers om tafel, om de gegevens te bewarjen. En op de langere termyn soe der dan in grut ûndersyk komme moatte, mei in analyse fan de data. Sa soe der in sulveren rantsje komme kinne om it ûngelok mei de konteners.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)