Grutte brân yn pleats by Hieslum

08 nov 2011 - 17:33

Der wie tiisdeitejûn in grutte, útslaande brân yn in pleats oan de Atseburen yn Hieslum, tusken Tsjerkwert en Parregea. Neffens in wurdfierder fan de plysje sieten der op dat stuit gjin minsken mear yn it gebou. Benammen de achterein fan de pleats brânde fûl.

De skuorre is ferbûn mei it wenhûs. De brandwachtkorpsen fan Warkum en Parregea bestriden it fjoer mei grut materieel. De brânwacht besocht mei man en macht om it wenhûs te behâlden en dat slagge. It giet om in bêd en brochje. De skea troch de brân is bysûnder grut.

Trefwurden: 
brân pleats Hieslum brânwacht
(advertinsje)