Boargemaster Sluiter oer REC: "Bredere diskusje oer ôffalovens nedich"

Der moat in diskusje komme oer de rol fan de ôffalovens yn ús maatskippij. Hjir pleitet de boargemaster fan Harns, Roel Sluiter, foar. Moat der net mear neitocht wurde oer recycljen? Of moatte we minder guod keapje? De lêste wike is hiel goed dúdlik wurden hoefolle guod wy allegear wol net konsumearje: sjoch nei it oanspielde guod op de Waadeilannen en Waadkust. En dit is noch mar in fraksje.
De yngong fan de REC © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn Harns sitte se bot mei de ôffaloven REC yn'e mage, dy't faak steuringen hat. Sluiter fernimt dat de rest fan Fryslân ek wekker wurdt at it oer de REC giet, sa as de oare Fryske gemeenten en de provinsje."De urgentie wordt nu ook buiten Harlingen gevoeld. De afvaloven staat in Harlingen, maar verbrandt bijna al het afval van andere Friese gemeentes."
Yn febrewaris is der in ekstra oandielhâldersgearkomste fan Omrin om fierder oer de problemen fan de REC te praten.

Fûke

Tagelyk hopet Sluiter dat der in bredere blik op it probleem komt. "We zitten in een fuik van storingen, wachten tot het weer wordt gerepareerd, wachten op weer een storing... We moeten uit deze fuik komen."
Boargemaster Roel Sluiter © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Boargemaster Roel Sluiter oan it wurd
De konklúzje fan dizze diskusje kin hiel goed wêze dat der folle minder ôffalovens yn ús lân nedich binne en dat guon miskien sels slute moatte. De gemeente Harns lit op it stuit in ûnôfhinklik ûndersyk dwaan nei de gefolgen fan it sluten fan de REC. De resultaten fan dit ûndersyk wurde yn maart ferwachte.