Fiskerijferiening Hulp in Nood: oprêden kontêners kin noch wol in jier duorje

08 jan 2019 - 08:26

Fiskers binne bang dat it noch wol moannen duorje kin, of miskien wol in jier, foardat de konteners, dy't foarige wike boppe de Waadeilannen fan kontenerskip MSC Zoe ôf de see yn foelen, oprêden binne. De fiskers hawwe bot lêst fan de konteners, omdat se dêrtroch op bepaalde plakken net fiskje kinne.

Foto: Omrop Fryslân

"Een heel groot deel van de containers ligt boven Terschelling. Afhankelijk van het weer en de toestand waarin die containers zich bevinden, worden ze of snel opgeruimd of langzaam. Als je kijkt naar één container per dag, dan ben je zo al 200 dagen verder", fertelt Barbara Holierhoek fan fiskerijferiening Hulp in Nood.

Skeaformulier

It Nederlânsk Fiskersbûn hat in skeaformulier op de webside setten, dêr't fiskers de skea mei claime kinne by de rederij fan it skip dat de konteners ferlern hat. De ôfrûne dagen hawwe tsientallen fiskers de see op west om it guod dat yn de see bedarre wie, op te fiskjen.

"Alle visserij-organisaties hebben schadeformulieren klaarstaan. Wij verwachten dat er in ieder geval schade aan de netten is door rondzwervend vuil, zoals kapstokken, spatborden en bumpers. Met een beetje pech krijg je een groot stuk plastic in je schroef", seit Holierhoek. "Daarnaast zijn er grote gebieden afgesloten momenteel, waar vissers voor hun eigen veiligheid niet mogen vissen."

De gebieten dêr't je net fiskje kinne, binne sa grut dat it in serieus probleem is foar fiskers. De skippen dy't boppe de Waadeilannen fiskje, binne in grut fiskgebiet kwytrekke.

Barbara Holierhoek fan fiskerijferiening Hulp in Nood

Foto: Kustwacht Nederland

Sneon, snein en moandei hat de fiskerijferiening oan de slach west mei 35 kotters, dy't acht oant sechstjin oeren op see rûnfearn hawwe om rotsoai op te romjen en 18.000 kilo oan ôffal ophelle hawwe. Guon fiskers sizze dat it kontenerskip der nea farre mocht hie. It hie in folle noardliker rûte pakke moatten, 90 kilometer út de Waadkust. Dat is net bard en de skipper hat keazen foar in koartere rûte.

Druk

"Als je kijkt naar de weeromstandigheden, de diepgang van het schip en de golfhoogte, had die zich inderdaad veel meer naar het noorden moeten bewegen", ferfolget Holierhoek. "Maar de druk van rederijen is zo groot, dus er zijn naar mijn mening verkeerde besluiten genomen aan boord."

At der sa súdlik fearn wurdt, is der it risiko dat je de boaiem reitsje. It wetter tichterby de kust is minder djip en dit skip sit rûn de sechstjin meter. Holierhoek: "Waarschijnlijk heeft het schip de grond geraakt of kwam het door de golven." Der moat noch ûndersyk dien wurde troch de Raad voor Veiligheid. De resultaten fan it ûndersyk sille noch wol in skoft op harren wachtsje litte.

Stoarm

De skippen fan de fiskerijferiening bliuwe tiisdei yn de haven fanwege de stoarm en sille gjin troep opromje. Der binne al meldings dat der nij guod oanspield is op it strân fan Skylge. Troch de weagen sil der grif wer ôffal nei de Waadsee streame.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)