LIVEBLOG: Fryslân belibbet de earste stoarm fan it jier

08 jan 2019 - 22:46

De kûpueres lizze al klear foar it gefal dat it wetter te heech komt en de fearboaten farre minder regelmjittich hinne-en-wer tusken Harns en Skylge. Der komt stoarm, heech wetter en der lizze behoarlik wat konteners fol guod foar de kust yn de Noardsee. De kâns bestiet dat krekt troch de stoarm de konteners en de ynhâld dêrfan wer op de strannen komme te lizzen op de eilannen.

22:38
Ein fan dit liveblog

En mei ûndersteande foto's fan Peter van Suijlekom slute wy dit liveblog ôf. Tige tank foar it folgjen!

22:03
Yn totaal 291 konteners oerboard slein

De MSC Zoe hat 9 konteners mear ferlern as earder tocht waard. Rykswettersteat lit witte dat út in lêste ynspeksje fan it skip no bliken docht dat der yn totaal 291 konteners oerboard slein binne. Neffens Rykswettersteat sitte der gjin gefaarlike stoffen yn dy ekstra konteners.

Troch it stoarmige waar is der tiisdei net mear mei sonar socht en dat wurdt woansdei ek net dien. De wurksumheden wurde oppakt, wannear't it waar it wer talit.

19:42

De losrekke konteners dy't tiisdeitemiddei nei Lauwerseach sleept waarden, binne iepenbrutsen by it út it wetter takeljen. De ynhâld fan de konteners is dêrby yn it wetter fan de haven bedarre. It liket derop dat it grutste part fan de lading út tekkens bestiet.

Foto: Kappers Media
16:49
Sjoch nei in gearfetting fan de stoarmdei

Gearfetting Stoarmdei Fryslân Hjoed

16:48
André Borsch oer it binnen heljen fan de konteners

André Borsch oer it binnen heljen fan de konteners

16:17
De konteners binne de haven fan Lauwerseach oankaam

Oankomst konteners Lauwerseach

16:05
Ofsetting waait fuort by Van Harinxmakanaal yn Dronryp

Troch de hurde wyn is tiisdeitemiddei de ôfsetting lâns it Van Harinsmakanaal yn Dronryp fuortwaaid. Ferkear kin no sa it wetter yn ride.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
15:49
Nije bylden fan de rêdingsaksje fan de twa konteners by Lauwerseach

Bylden redingsaksje

15:34
Piet Paulusma oer de stoarm

Piet Paulusma oer de stoarm

(Advertinsje)
(Advertinsje)