Kollum: "De nekke omdraaie"

"De frije dagen om kryst en âld & nij hinne setten goed útein mei Bohemian Rhapsody. Dy film oer de band Queen, mar benammen oer de sjonger dêrfan, Freddie Mercury, wie in moaie en bytiden emosjonele start fan in perioade fan feestjes, fan it lêzen fan goeie boeken en it hawwen fan toffe petearen en in protte dom praat. Queen wie de prelude fan in tiid sa't je dy graach ha wolle. Mar krekt sa't de produksjes fan bygelyks Walt Disney neat mei it echte bestean te krijen ha, luts de realiteit har ek neat fan ús smoute perioade oan.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
De realiteit iepenbiere har mei deaden op âldjiersjûn. Mei apokalyptyske bylden fan fjoertornado's op it strân fan Scheveningen. Mei it berjocht dat in kontenerskip op wei nei Bremerhaven 277 konteners yn in stoarm kwyt rekke wie. Wat dat te betsjutten hie, waard al rillegau dúdlik. Sawol de strannen fan de eilannen as de Waadseekust leine yn in sucht fol mei allerhanne brol. Gewoanwei in paradys foar jutters, dy't yn harren 4x4's yn alle opwining noch wol ris mei de ferkearde pook skeakelje ûnder sokke omstannichheden.
Dochs hat elkenien mei eigen eagen sjen kinnen dat ûngemakken mei konteners wiere miljeurampen binne. As it allinnich dy sulverkleurige slippers wiene, dy kessens, stuollen en My Little Pony's soe it noch in slach tafalle. It is lykwols it bubbeltsje- en skomplestik dat it ekosysteem de nekke omdraait. Polystyreen, sa't dat wite guod hjit, falt yn lytse kerlen útinoar en bliuwt desennialang yn de natuer omswerven.
Dat wie ôfrûne dagen al waar te nimmen: de romten tusken de balstiennen fan de seedyk by Ternaard sieten grôtfol mei dy kerltsjes. In part waard troch de wyn al de dyk oerjage en sil yn de Reid en op it boulân telâne komme. Om it dûbelde, en miskien wol tragyske fan de sitewaasje oan te jaan, wie it sa dat wy alle oanspielde rotsoai by it opromjen yn plestik pûden troppen.
Wy sitte fêst yn in finzenis dy't wy sels bouwe. Minsken sitte mei de triennen yn de eagen nei Wad, de film fan Ruben Smit te sjen. Guon minsken rûnen lyksa mei de triennen yn de eagen de rotsoai achter de dyk op te romjen. Wy wolle wol oars, mar it hat derfan dat wy it net kinne.
Wy sitte fêst yn fraach en oanbod, kieze dochs foar it guod fan AliExpress, foar dat fan de Action en foar de Billy-kast fan Ikea. Dus sil der yn alle gefallen oan de kant fan de produsinten saken feroarje moatte. Oare, duorsume wizen fan ferpakken útfûgelje. It better befeiligjen fan kontenerferfier boppe it hastige, ekonomyske belang pleatse. Salang't dat net feroaret, sil der yn it algemien neat feroarje. En is it sa't Freddie Mercury yn The Prophet's Song sjongt:
Oh, people of the earth!
"Listen to the warning," the prophet he said
For soon the cold of night will fall
Summoned by your own hand"