Dykbewaking op Fryske en Grinzer diken fanwege stoarm

08 jan 2019 - 06:27

Fryslân en Grinslân stelle tiisdei dykbewaking yn, omdat der stoarmwaar en hege wetterstannen ferwachte wurde. Meardere dyktrochgongen geane ticht. Rykswettersteat hat fanwege de waarfoarsizzing koade giel ôfjûn foar de kustgebieten.

Foto: Omrop Fryslân

De dykbewaking is mei ynsteld, fanwege de hast trijehûndert konteners dy't ferline wike oerboard sloegen fan it skip MSC Zoe en wêrfan't in grut diel noch yn see leit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)