Wethâlder fan Ljouwert hat spyt fan syn 'starre' opstelling yn WMO-debat

07 jan 2019 - 22:46

"Ik vind het vervelend dat het beeld is ontstaan dat ik in het WMO-debat niet wil luisteren en dat mijn opvattingen in beton gegoten zijn. Ik heb er dan ook spijt van woorden te hebben gebruikt waar men dat uit opmaakte". Dat sei de Ljouwerter wethâlder Herwil van Gelder moandei nei in ledegearkomste fan syn partij PAL-GrienLinks.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Tekoarten yn de soarch

Yn desimber krige Van Gelder sa'n bytsje de hiele gemeenterie tsjin him. It gie dêrby om it drege WMO-dossier. Dat is it pakket soarchtaken dêr't de gemeente ferantwurdlik foar is en dêr't grutte tekoarten op ûntstien wiene. Foar it part is dat mei in ekstra útkearing fan it Ryk oplost, mar der moat noch mear barre.

Van Gelder wol mei in nije koers net allinnich effisjinter mei it jild omgean, mar ek saken fernije en ferienfâldigje. Dat kolleezjeplan foel yn desimber folslein ferkeard yn de rie en it like der doe ek op, as soe wethâlder van Gelder neat oanpasse wolle om de ried yn 'e mjitte te kommen.

Tiisdei sille boargemaster en wethâlders teset oer de WMO-koers en de tiidsplanning dy't dêrby heart. Letter tiisdeitemiddei komt it kolleezje dêr dan yn in parsekonferinsje mei nei bûten.

Bydrage oer wethâlder Van Gelder en it WMO-dossier

(advertinsje)
(advertinsje)