Boargemaster Ferd Crone: Jimme binne noch net fan my ôf

07 jan 2019 - 21:57

"Ik ben nog niet weg, hoor. Afscheid nemen doen we in juni wel." It wiene sa'n bytsje de earste wurden fan de nijjierstaspraak fan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. By it fûstkjen hiene meardere minsken ek al ôfskied naam fan de boargemaster. Yn in goed folle stedsskouboarch winske Crone foar it tolfde jier de ynwenners in lokkich nijjier. It wie syn lêste nijjierstaspraak, want yn de simmer giet Crone fuort.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Soarch oan minsken punt fan soarch

Crone stie stil by de wichtichste saken dy't no spylje yn de gemeente: it nije Cambuurstadion en de plannen foar it saneamde 'sociaal domein'. Dat is de soarch oan de ynwenners fan de stêd. Oer de soarch sei Crone dat er tinkt dat alle partijen op ien line komme.

Der is op it stuit in soad diskusje oer hoe't de soarch dy't ferliend wurdt oan de ynwenners op 'e nij ynrjochte wurde moat. Der is folle minder jild beskikber en der moat der besunige wurde. It ôfrûne jier is it Crone slagge in part fan it ferlies fan Ljouwert werom te krijen fan de ryksoerheid. De kompensaasje wurdt allinnich mar ien kear jûn. Crone ferwachtet dat alle partijen op koarte termyn de hannen wer ynienslaan moatte.

"Bal leit op de stip foar nije Cambuurstadion"

Foar it nije stadion fan Cambuur leit de bal no op de stip. No moat der skoard wurde, sa sei Crone. De kommende wiken binne fan grut belang. Woansdei mei ynsprutsen wurde yn de gemeenteried. De provinsje moat dan ek noch in beslút nimme oer de bydrage fan fiif miljoen euro foar de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet dêr't it nije stadion komme sil.

Nijjierstaspraak boargemaster Crone fan Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)