Fytser skept op tsjustere dyk by Sybrandahûs
In fytser is moandeitejûn mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert. De man wie op de krusing Burdaarderstrjitwei-Trekwei by Sybrandahûs mei in auto yn botsing kaam. Hy waard dêrby skept en is nei alle gedachten op it foarrút klapt. It rút hat grutte skea en de fyts ek.
De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.