FNP'er Gerben Gerbrandy noch net wis fan plak yn Earste Keamer

It is hielendal net wis oft FNP'er Gerben Gerbrandy lid fan de Earste Keamer wurdt. Yn de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF) sitte neist de FNP noch trettjin oare regionale partijen. Gerbrandy sil de striid oangean moatte mei noch seis oare kandidaten. Hy soe dan it stokje oernimme fan Hindrik ten Hoeve út Stiens, dy't út namme fan de FNP tolve jier yn de Earste Keamer sit.
De 66-jierrige Gerbrandy is no noch boargemaster fan Achtkarspelen. Dy funksje leit er oer in pear wiken del, want de FNP'er giet mei pensjoen.