Nashville-ferklearring ropt ferskate reaksjes op yn religieuze fermiddens

De Nashville-ferklearring tsjin homoseksualiteit kriget hjir en dêr stipe út reformatoarsyke rûnten. Sa hat bygelyks foargonger Kees Postma fan de Nehemia-gemeente yn Dokkum de ferklearring ek ûndertekene.
© ANP
Homoseksualiteit past net yn Gods plan.
Kees Postma, foargonger Nehemia-gemeente
"Homoseksualiteit giet tsjin Gods wil yn en wa't sokke gefoelens hat, moat him of har derop rjochtsje dy sûnige gefoelens te deadzjen." Dat is de strekking fan de saneamde Nashville-ferklearring. It giet om in inisjatyf fan evangelyske lieders út Amearika en de ferklearring is oant no ta 25.000 kear ûndertekene.
De Nashville-ferklearring smyt yn Nederlân in soad diskusje op. Dat komt ûnder mear om't ek in prominint politikus as SGP-keamerlid Kees van der Staaij him ûndertekene hat.
Der is ek in lyts tal Fryske ûndertekeners, lykas Ds. Orlando Bottenbley en Kees Postma fan Burgum. Postma is foargonger by de Vrije Baptistengemeente Nehemia yn Dokkum. Hy hat de ferklearring lykwols op persoanlike titel ûndertekene.
"Yn myn gemeente binne ek homoseksuele leden. De wrakseling dy't sy hawwe, sjoch ik ek wol. Wy wolle dan ek njonken harren stean. Mei help fan de Hillige Geast kin der tsjin fochten wurde en it kin oerwûn wurde", seit Postma.
Waar vriendschap en liefde is, daar is God.
Ds. Douwe Posthumus, foarsitter Rie fan Tsjerken Burgum
Neffens dûmny Douwe Posthuma, foarsitter fan de Rie fan Tsjerken yn Burgum, moatte de tsjerken 'ynklusyf' tinke. Minsken net útslute, mar ynslute en se derby belûke. Neffens him is dat gelokkich ek hast oeral sa. "De meeste christelijke kerken zijn een veilig huis voor homo's", sa stelt er.
It Iepenbier Ministearje sil ûndersikje oft de ferklearring strafber is.