Blessuere Sjinkie Knegt herstelt goed, WK stap tichterby

07 jan 2019 - 18:05

Sjinkie Knegt herstelt goed fan syn blessuere. Sels sa goed, dat it wrâldkampioenskip shorttrack yn maart realistysk is. "Ik bin der wol posityf oer en de arts ek." Knegt rekke op 13 desimber blessearre doe't er klem kaam te sitten tusken in kezyn en in heftruck. De spieren yn syn linkerskonk wiene stikken.

Foto: Martin de Jong

Yn it AMC, it Academisch Medisch Ziekenhuis yn Amsterdam, wurdt Knegt holpen troch dokter Kerkhoffs. Doe't Knegt klem siet, hat er de spieren yn syn linkerskonk ôfskuord. Dy spieren groeie no wer goed oan.

"It is noch net hûndert prosint, mar se sitte wol wer oan elkoar." Oer fjouwer wiken moat de shorttracker wer nei Amsterdam foar in scan.

"As it dan wer goed groeit, en dat is wol de ferwachting, dan ferwachtsje ik wol wer dat ik werom op it iis mei."

De lêste wiken hie Knegt noch in spalk, no krijt er in saneamde walker. Dat is in soarte fan brace, dy't er ek ôfdwaan kin. "Yn de tuskentiid kin ik in pear oefeningen dwaan om wer wat op krêft te kommen."

WK yn Sofia

It Wrâldkampioenship shorttrack fynt plak yn Bulgarije. It WK is fan 8 oant en mei 10 maart yn Sofia. "Ik tink noch altyd dat ik dat helje." De dokter sei dat it herstellen fan dizze blessuere acht oant tolve wiken kostet. 8 maart is presys tolve wiken ferlyn dat er syn blessuere oprûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)