Sportoersjoch: NK shorttrack en de maraton fan Tilburg

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.
Spoeroersjoch: NL shorttrack en de maraton fan Tilburg
Shorttracker Daan Breeuwsma behelle dit wykein in moaie titel. Foar de twadde kear yn syn karriêre waard er Nederlânsk kampioen. Breeuwsma is no ek ek foar it earst yn syn karriêre kopman fan de Nederlânske ploech by it EK. Dat is takom wykein yn Dordrecht.
Sjinkie Knegt die net mei oan it NK shorttrack fanwege in blessuere. Wa hiene syn grutste konkurrinten west? Suzanne Schulting waard gjin Nederlânsk kampioene. Is sy wol favoryt foar de Europeeske titel?
De 'Wedstriid fan de wike' is it EK shorttrack, dat no freed ferriden wurdt yn Dordrecht.