'Wedstriid fan de wike' is EK shorttrack

07 jan 2019 - 17:28

De kar foar de earste 'Wedstriid fan de wike' fan 2019 is net sa'n dregenien. Fanôf oankommende freed is, yn eigen lân, it EK shorttrack. Dêr hopet Suzanne Schulting foar it earst Europeesk kampioen te wurden.

It EK set freed útein oan de Sportboulevard yn Dordrecht en Schulting is net de iennige Fries dy't dêr om de medaljes stride sil. Njonken har dogge der noch sân oare Friezen mei, wêrûnder Daan Breeuwsma dy't snein Nederlânsk kampioen waard op Thialf.

"Mar de eagen fan hiel Nederlân, en miskien wol fan hiel Europa, binne fansels rjochte op Schulting", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Se hat dit seizoen al meardere medaljes behelle by de wrâldbekerwedstriden en se lit gewoan sjen dat de foarm goed is."

Freed binne yn Dordrecht de foarrondes. Sneon binne de finales fan de 500 en de 1500 meter en ek noch de heale finales fan de relay. De 1000 meter, de superfinale en de relayfinales binne snein.

Suzanne Schulting - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)