In Iepen Hert ôflevering 1: pasjint Klaas van der Meer

"It docht net sear, mar it is in ferfelend rotgefoel. Dêr wol ik graach ôf." Dat sei Klaas van de Meer foar syn hertoperaasje. Yn de rige 'In Iepen Hert' folget Omrop Fryslân him nei de operaasjekeamer fan it Medisch Centrum Leeuwarden as hy in nije hertklep krijt. Ek syn sjirurch John Bol Raap en ferpleechkundige Eelkje Strikwerda wurde yn fjouwer ôfleveringen folge fan it earste petear oant en mei de hertoperaasje.
In Iepen Hert ôflevering 1: pasjint Klaas van der Meer
Klaas is 85 jier en it is dêrom bysûnder dat er noch operearre wurde kin. "It is al in útsûndering dat ik sa goed bin op dizze leeftiid, want it hâldt in kear op. En dan kinne se aanst sizze: Van der Meer, jo binne te âld om operearre te wurden."

Eardere operaasjes

Klaas hat al langer lêst fan syn hert. "In pear moanne lyn fielde ik druk op it boarst. It siet my net hielendal goed", fertelt Klaas. Hy is al in pear kear earder oan syn hert operearre, dus hy hie in idee hoe't dy pine fielt. "Goed 25 jier lyn tocht ik dat ik deagong, sa'n lêst hie ik fan it hert. Ik bin doe dottere en wie der gelyk wer boppe-op. En yn 2013 krige ik wer lêst fan it boarst. In pear dagen letter hie ik fjouwer stents."

Alle fertrouwen

It gong dêrnei in hiele tiid goed mei Klaas, mar by de jierlikse kardiologykontrôle ha se dochs besletten dat in hertklepoperaasje de bêste kar is. "Ik tocht litte wy it no mar dwaan, want ik bin no noch fit genôch om in operaasje oan te kinnen." Klaas sjocht hielendal net op tsjin syn operaasje. "Ik bin net bang oanlein. It moat gebeure en it sil fêst goed komme." Syn frou Baukje sjocht hjir oars nei.
As ik wekker wurd yn 'e nacht, moat ik der faak oan tinke.
Baukje van der Meer
Baukje van der Meer oer de operaasje

60 jier troud

It stel is takom jier 60 jier troud en 52 jier dêrfan wenje se yn Menaam. "In prachtige buert om trije bern opgroeie te litten", fertelt Baukje. "Klaas kin lekker yn de tún dwaande en tegearre gean wy der faak op út mei de fyts." Mar se realisearret har wol dat der in kâns is dat hy net wer de âlde wurdt. "Wy moatte mar sjen hoe't er him fielt. Mar hy moat it yn it begjin wol wat restich oan dwaan", seit se.

Goed oefenje

Klaas is it dêr wol mei iens, mar hy wol net te lang plat lizze. "De sjirurch sei dat ik nei seis wike wer de âlde wêze kin. Dêr gean we fansels foar!" Dêrom is Klaas ek al drok oan it oefenjen om syn longkapasiteit goed te hâlden.
Wy gean der foar!
Klaas van der Meer
Klaas docht longoefeningen foar syn operaasje

Sûne motivaasje

De ynstelling dy't Klaas hat, is neffens sjirurch John Bol Raap tige wichtich. "Ik moet er van overtuigd zijn dat de patiënt de operatie aan kan. Alle technische dingen moeten tijdens een operatie natuurlijk goed gaan, maar wat vooral belangrijk is, is de motivatie na de operatie."

Gjin twivels

Bol Raap seit dat de pasjint echt foar in goeie refalidaasje gean moat en in netwurk ha moat dat him stipet. "De operatie kan nog zo goed gaan, maar zonder motivatie om te revalideren is de kans groter dat de patiënt het niet overleefd." Bol Raap twivelet dêrom ek net oan de operaasje fan Klaas. "Hij heeft een goede conditie en een heel goede instelling."

In Iepen Hert

De rige In Iepen Hert is fan 7 oant en mei 10 jannewaris fan 17.00 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân. Tiisdei stiet de man efter it mes sintraal. Sjirurch John Bol Raap is troch in hiel persoanlike reden yn it fak rûgele. De rige is ûntstien yn gearwurking mei Hartcentrum Friesland fan Medisch Centrum Leeuwarden.