Hieltiten mear Harnzers kinne reanimearje

De oprop fan de EHBO-ôfdieling yn Harns om minsken in reanimaasjekursus dwaan te litten hat fertuten dien. Der binne yntusken fjouwerhûndert minsken dy't reanimearje kinne en in AED betsjinje kinne. Sy kinne ek oproppen wurde om minsken te helpen dy't hertproblemen ha.
In AED-apparaat © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Yn gearwurking mei de gemeente Harns hat de EHBO-ôfdieling de ôfrûne moannen in grut tal kursussen jûn.
Boargemaster Sluiter en syn frou en de wethâlders Boon en Kuiken kinne no ek reanimearje en in AED betsjinje. Dat jildt ek foar in tal gemeenteriedsleden.