Van Klaveren wol aksje fan polityk Den Haag om konteners

Boargemaster Van Klaveren fan It Amelân leit him der net by del dat Rykswettersteat it oerboard slaan fan konteners net lyk stelle wol oan in oaljeramp. Van Klaveren hat dat sneon foarlein oan direkteur-generaal Michèle Blom fan Rykswettersteat, doe't sy op it eilân wie. Sy woe der neat fan witte.
© Kustwacht Nederland
Boargemaster Van Klaveren wol in oare status foar problemen mei konteners. As it sjoen wurdt as in oaljeramp is it Ryk ferantwurdlik foar it ôfhanneljen derfan en ek foar de kommunikaasje.
Rykswettersteat wol dêr net oan. Van Klaveren wol no mei de boargemasters fan de oare Waadeilannen nei Den Haag, om mei politisy te praten. Dêr is it no it momint foar, seit er.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierpagina.