Deade seehûn trochjaan op telefoanysk meldpunt

Minsken dy't deade seehûnen fine, kinne dat telefoanysk trochjaan. Dat seit de Feilichheidsregio Fryslân. It is dan wol belangryk dat se krekt oanjouwe wêr't de bisten lizze, sadat de deade seehûnen ophelle wurde kinne. Minsken kinne belje mei 0595-526 526.
Deade seehûn yn de haven fan Harns © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Snein waarden twa deade seehûnen fûn, yn de haven fan Harns en tusken Swarte Haan en Westhoek. Oft dat te meitsjen hat mei de oer boardsleine konteners en wat dêr achterwei komt, is net dúdlik.