Provinsje biedt hast 450 bunder lânbougrûn yn pacht oan

De provinsje biedt sûnt moandei op ynternet hast 450 bunder lânbougrûn yn pacht oan. It giet om grûn dy't oankocht wie foar provinsjale projekten of programma's en grûn yn it lanlik gebiet.
Skries yn it boerlân © Omrop Fryslân
De provinsje wol de stikken grûn iepenbier, transparant en op in duorsume manier yn pacht útjaan. De pachtpriis de bunder stiet yn it foar fêst.
Potinsjele pachters meitsje kâns op de grûn troch oan te jaan hoe duorsum oft se dy beheare wolle. Gadingmakkers kinne op pachtgrond.nu sjen om wat foar grûn it giet.