Bergingsbedriuw BDS hat al mear as 250 ton ôffal oprêden

Mar leafst 250 ton oanspield ôffal hat bergingsbedriuw BDS opromme. Al hast in hiele wike is it bedriuw út Harns yn tou om it Waadgebiet skjin te meitsjen en konteners ôf te fieren. André Bos fan BDS hat it der smoardrok mei.
André Bos fan bergingsbedriuw BDS út Harns
Bos is op dit stuit yn Lauwerseach, dêr't er de nedige tariedingen treft foar de ferwachte stoarm tiisdei. "We gaan de gevonden containers aan elkaar koppelen en de deuren extra zekeren." As hy om him hinne sjocht, hat de oprêdingsaksje seker fertuten dien. Bos: "De dijken zijn nagenoeg schoon, maar het is nu afwachten wat er morgen gebeurt met die zware storm."
© Andre Bos
Bos is wiis mei de ynset fan de ferskate frijwilligers dy't meiholpen hawwe. "Wij hebben zelf met twee mensen op ons kantoor vrijwilligers gezocht. De goede mensen hebben we uitgezocht en ingezet. Dat werkt perfect. Wij focussen ons op het Waddengebied. Daar hebben we de handen vol aan."
© Andre Bos
Ek Bos fernimt dat de gearwurking tusken de ferskate partijen somstiden mar dreech op gong komt. "Er zijn allemaal partijen die wat willen doen, maar coördineren blijkt moeilijk te zijn om dat bepaalde partijen niet met elkaar willen praten. Meer wil ik daar niet over zeggen."
André Bos fan bergingsbedriuw BDS út Harns
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.