Fraksjefoarsitter GrienLinks yn Weststellingwerf bliuwt sitten
Marlène Postma bliuwt oan as fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Weststellingwerf, as it oan har leit. Se wegeret op te stappen en leit dêrmei de útslach fan de stimming yn de ledegearkomste fan ôfrûne tongersdei neist har del.
Neffens har geane de leden en it bestjoer net oer de fraach wa't fraksjefoarsitter is. By dy ledegearkomste wie in mearderheid foar Gaby Tijssen as fraksjefoarsitter.
Postma neamt de rol fan it partijbestjoer ûnakseptabel. Neffens Postma bepaalt se sels of se opstapt of it bestjoer moat har royearje.
Sa't it no liket, sitte der moandeitejûn twa fraksjefoarsitters by it sprekoere fan de fraksje yn it gemeentehûs.