Learlingen CSG Bogerman yn Balk wurde net goed troch gefaarlike stof

By in ynsidint mei gefaarlike stoffen yn de skoalle fan CSG Bogerman yn Balk binne moandei in pear learlingen net goed wurden. Se binne behannele troch in húsdokter. De stoffen kamen nei alle gedachten frij yn it biologylokaal.
Learlingen CSG Bogerman yn Balk net goed troch gefaarlike stof
De brânwacht hat ûndersyk dien yn de skoalle en hat it gebou yntusken wer frijjûn. It biologylokaal bliuwt foarearst ticht om de stof op te romjen.