Situaasje kontenerramp wurdt opskaald nei GRIP-4

07 jan 2019 - 13:34

De Feilichheidsregio Fryslân hat de gefolgen fan de kontenerramp opskaald nei GRIP-4. Dat betsjut dat boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert de lieding krijt oer de koördinaasje en dat der in spesjaal team oprjochte wurdt om him by te stean. De boargemasters fan de Waadeilannen diene al earder in oprop om op te skalen nei GRIP-4. Sy hiene oantrune op mear koördinaasje.

Omdat meer en meer gemeenten last hebben van de troep is opschaling gewenst.

Ferd Crone

Neffens Crone siet de opskaling der oan te kommen: "We hebben met alle betrokken gemeenten de afgelopen tijd veel overleg gevoerd. Nu duidelijk wordt dat er meer en meer gemeenten beïnvloed worden door de troep uit de containers is opschaling gewenst."

Hy doelt dêrmei op de gemeenten oan de fêste wâl, dy't no hieltyd mear lêst krije fan de stream ôffal út de konteners. De ferwachting is dat dy oerlêst de kommende dagen allinnich mar fierder tanimme sil as gefolch fan de stoarm dy't tiisdeitenacht ferwachte wurdt.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer GRIP-4

Wy moatte ien fûst meitsje nei Den Haach.

Lutz Jacobi

Direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening is wiis mei it beslút om op te skalen nei GRIP-4. Op koarte termyn is dit neffens har in goede maatregel. "No is der lang om let ien punt dêr't alles sammele wurde kin en besluten wurdt wat de ynset wêze moat." Op langere termyn toant it neffens har oan dat der in dúdlike needsaak is foar ien sintraal orgaan dat it foech hat oer de Waadsee.

Alvestêdetocht-systeem

Jacobi wol dat it Waad yn fjouwer parten opdield wurdt. Se pleitet foar in soarte fan Alvestêdetocht-systeem mei rayonhaden. Elts stik moat dan in eigen rayonbehearder krije. "Sa kinne wy alles goed op elkoar ôfstimme en de aktuele situaasje trochjaan."

Ien fûst

Jacobi ferwachtet dat it 'gedonder' mei de konteners op see noch wol in pear moannen duorje sil. "Op de lange termyn moat der ien behear komme foar it Waad, in soarte fan Deltakommissaris, om alle belangen te besjen. Der moat stjoering op komme. No is it de tiid om mei de provinsje, it Waad, oanbelangjende gemeenten, natuerorganisaasjes en de Feilichheidsregio ien fûst te meitsjen nei Den Haach."

Lutz Jacobi oer GRIP-4

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierpagina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)