Wetterskip Fryslân ropt frijwilligers op: "Bliuw by de seediken wei"

07 jan 2019 - 13:03

Wetterskip Fryslân freget frijwilligers dy't helpe wolle mei it opromjen fan de rommel yn it kustgebiet om tiisdei net massaal nei de seediken te kommen. En al hielendal net om mei harren auto's op de diken te riden. "Dan ferniele jim de gersmatte, wylst dy just sa wichtich is foar as it echt spannend wurdt", warskôget Henk Flikkema fan it Wetterskip.

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

De ôfrûne dagen hawwe ferskate minsken holpen mei it oprêden fan de rommel dy't oanspielde op de seediken, nei't kontenerskip MSC Zoe ferskate konteners ferlear. Guon frijwilligers rieden mei de auto op de seedyk, wylst dat net mei. Nettsjinsteande ha de diken net yn gefaar west, seit Flikkema. "Der leit allinnich in hiel soad rommel. Mar fierder is der neat oan de hân."

Dochs sil der de kommende dagen ekstra tafersjoch wêze by de seediken, ek mei it each op de foarseine stoarm fan tiisdei. Flikkema: "It hinget der om. It wetter sil sa om it 'waarschuwingspeil' hingje. Fan dat momint ôf kinne wy der foar kieze om 'beperkte dijkbewaking' yn te stellen. Mar it doel fan it ekstra tafersjoch is benammen om te sjen hoefolle rommel der op de diken oanspielt. Der binne noch altyd konteners dy't kwyt binne. Jo witte nea wêr't se bedarje. Mocht dat op in seedyk wêze, dan kinne we dy fuortendaliks fuorthelje."

Grutste soargen

De grutste soargen hat Flikkema net oer de stoarm of de hege wetterstân. "Ik meitsje my benammen soargen oer de oanrin fan minsken nei de seedyk ta as der wer nije rommel leit. Us oprop is dan ek dúdlik: bliuw by de dyk wei. As de stoarm west hat, nimme wy de situaasje op en sjogge wy hoe slim it is. As wy wer help nedich ha, roppe wy seker wer frijwilligers op."

Henk Flikkema fan Wetterskip Fryslân

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)