Seehûnen op It Gryn ha gjin lêst fan oanspielde rôze poppebadsjes

Tusken Skylge, Flylân en de wâl lizze de Richel en it eilantsje It Gryn. Natuurmonumenten beheart It Gryn en is dat eilân oan it ynspektearjen op oanspield guod fan de kontenerramp mei de MSC Zoe.
"It falt hjir gelokkich ta", seit Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten. "Wat opfalt, is dat der in soad rôze poppebadsjes op it strân lizze. Dat ha we allegear oprêden. Mei de kommende stoarm hâlde we it fansels yn de gaten. We hâlde ek kontakt mei de boargemaster fan Skylge dy't it behear oer It Gryn hat."

Seehûn

De Richel en It Gryn binne plakken dêr't in soad seehûnepups berne wurde. Neffens Zwart ha de bisten net folle lêst fan it oanspielde guod. "We wolle de seehûn sa min mooglik fersteure. Dêrom binne we hjir ek net mei in soad minsken. Op ien fan de oanspielde kessens seach ik in spoar fan in seehûn. Dy wie blykber nijsgjirrich hoe't it derút seach."
Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten
© Jan Willem Zwart
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierpagina.