Mintjes: "Gean der mar fanút dat it hiele feest aanst op 'e nij begjint"

07 jan 2019 - 12:28

Mei de foarseine stoarm fan tiisdei giet Arjen Mintjes, direkteur fan de Maritime Akademy yn Harns, der fanút dat der de kommende dagen noch hiel wat rommel oanspiele sil út de konteners dy't no noch yn see lizze. "Gean der mar fanút dat it hiele feest aanst op 'e nij begjint."

Marityme Akademy oer kontenerramp

De ôfrûne dagen stutsen hûnderten frijwilligers de hannen út 'e mouwen om de rommel út sa'n 25 konteners op te romjen. Arjen Mintjes ferwachtet dat der ek de kommende dagen noch folop rommel oanspiele sil op de waadeilannen en it kustgebiet. "Der lizze noch sa'n 200 konteners op de boaiem fan de see. As dêr 40 fan iepenbrekke, begjint it hiele feest op 'e nij. Gean der mar fanút dat der nei de stoarm wer aardich wat rommel op it waad leit en ek op de strannen."

Twa senario's

De stoarm dy't foar tiisdei foarsein is, kin twa gefolgen hawwe foar de konteners. Of se grave harsels noch djipper yn. Of se brekke iepen. Yn dat lêste gefal sil der wer hiel wat guod oanspiele op de strannen.

20 konteners noch kwyt

Fan de 281 konteners dy't foarige wike woansdei oerboard sloegen fan kontenerskip MSC Zoe binne yntusken 200 konteners lokalisearre. Se lizze benammen yn de fargeulen, dêr't grutte skippen gebrûk fan meitsje. Fan sa'n 20 konteners is noch gjin spoar te finen.

Fargeulen ticht

De konteners lizze op sa'n 20 oant 25 meter djipte. As se op harren kant lizze, is dat noch mar 12 meter. Dat is net djip genôch om oerhinne te farren. Fandêr dat guon fargeulen ôfsletten binne.

Arjen Mintjes ferwachtet op 'e nij in soad rommel

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)