Undersykster docht no wol hiel aktueel ûndersyk nei plastic yn see

Undersykster Elisa Bravo Rebolledo fan Bureau Waardenburg is al jierren dwaande mei ûndersyk nei de ynfloed fan plastic yn de natuer en yn de see. It ôfrûne jier hat sy benammen sjoen nei hoe folle plastic der yn de Waadsee sit. In ûnderwerp dat de ôfrûne dagen wol hiel aktueel wurden is no't 281 konteners mei allerhanne guod fan it kontenerskip MSC Zoe yn de see bedarre binne.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De wichtichste fraach dy't minsken stelle, is hoe skealik al dat plastic yn de see is. Dat hinget der hiel bot fan ôf hoe grut it plastic is, fertelt ûndersykster Bravo Rebolledo. Ek de soart en de fraach oft it plastic driuwt of sinkt is fan belang. Plastic dat sinkt yn de see bliuwt yn elts gefal bûten berik fan de measte seesûchbisten, lykas brúnfisken of seehûnen. Dizze bisten dûke nammentlik net sa djip.

Autobumper yn 'e mage

It plastic kin fansels wol fierder nei it noarden reizgje troch seestreamingen en dan kin it bygelyks skealik wêze foar potfisken. Mar dy hawwe neat yn de Noardsee of Waadsee te sykjen. As sy der al binne, giet der meastentiids wat net goed. By Dútslân is der al ris in potfisk fûn mei in autobumper yn de mage.
Elisa Bravo Rebolledo fan Bureau Waardenburg
Seestjer mei plastic © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Wannear is plastic dan wol gefaarlik? Gruttere plastic objekten kinne gefaarlik wêze as bygelyks seehûnen der mei yn 'e tiis reitsje, leit Bravo Rebolledo út. Lytser guod kin troch fûgels opfretten wurde. As sy gelok hawwe, skite sy it sa wer út of giet it yn de mage stikken. Mar it kin de boel ek ferstopje of der kin safolle plastic yn 'e mage sitten bliuwe dat de fûgel gjin prikkels mear krijt dat er frette moat.

Earst slokke, dan tinke

Troch it opfretten fan it plastic wurdt de kondysje fan de fûgels minder en kinne sy deagean. Mar it is noch net te sizzen dat der in hiel soad fûgels deagean sille, seit Bravo Rebolledo mei klam. Hoefolle plastic in fûgel opfret, hinget ek ôf fan de soart fûgel. Seemokken sykje bygelyks in soad fretten op it lân, dêr't mear plastic te finen is. Boppedat is de konkurrinsje yn in groep seemokken grut, wêrtroch't sy earst slokke en dêrnei pas 'neitinke'.
Sulvermiuw © Shutterstock.com
Bravo Rebolledo is ek belutsen by grutskalich ûndersyk nei de mallemok, de 'Noordse Stormvogel' yn it Hollânsk. Dizze fûgelsoart wurdt folge om't se al harren fretten op see sykje. Dêrtroch jout de mallemok in goeie yndikaasje fan hoefolle plastic der yn de see omdriuwt. It stribjen is dat mar 4 prosint fan de fûgels plastic yn de mage hat. Dat is no noch 60 prosint. Al wurdt it wol better, seit Bravo Rebolledo. De ûndersykster fan Bureau Waardenburg sjocht benammen nei de lange termyn.

Earste bemeunstering

Mar Bravo Rebolledo is wol hiel benijd nei hoefolle plastic sy it twadde jier fan it plasticûndersyk yn it Waadgebiet tsjinkomme sil nei de ramp mei de 281 seekonteners en de grutte ynset fan in hiel soad minsken om alles op te romjen. It ûndersyk wurdt útfierd yn opdracht fan Rykswettersteat. De Suderdúntsjes op it Grinzer Waad foarmje it earste plak fan de lokaasjes dy't bemeunstere wurde en dêr't Bravo Rebolledo sjen sil.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.