In Iepen Hert: it Hartcentrum fan Medisch Centrum Leeuwarden

07 jan 2019 - 12:00

Omrop Fryslân lit yn de fjouwerdielige rige 'In Iepen Hert' sjen wat op de operaasjekeamer fan Hartcentrum Friesland bart. It telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed folget pasjint Klaas van der Meer, sjirurch John Bol Raap en ferpleechkundige Eelkje Strikwerda. Fan it earste petear oant en mei it ferfangen fan Klaas syn hertklep, alles is te sjen.

Yn de earste útstjoering, op moandei, sjogge we pasjint Klaas van der Meer dy't yn it hertsintrum, ûnderdiel fan it Medisch Centrum Leeuwarden, operearre is. It sintrum heart ta de bêste hertsintra fan Nederlân, mar wêr leit dat oan?

Trailer In Iepen Hert

Jierliks moat it Hartcentrum Friesland al syn sifers trochjaan en hjir út blykt dat it hertsintrum it goed docht. Neffens sjirurch John Bol Raap komt it foar in grut part troch it team. "Ik denk dat ons hartcentrum het daarom zo goed doet. De hele keten is goed. Niet alleen de chirurg, maar ook de verpleging, intensive care, de anesthesie. Iedereen heeft zijn eigen rol in de operatie en dat werkt alleen als iedereen elkaar kan aanspreken op momenten dat het minder goed gaat."

Mear operaasjes

Dizze status betsjut ek dat it sintrum in soad sjirurgen nei it Noarden lûkt. Yn 2010 wiene der noch fjouwer hertsjirurgen; op dit stuit binne dat der al sân. Dit hat ek ta gefolch dat it tal hertoperaasjes hast twa kear sa folle wurden is. Fan 400 operaasjes yn 2004 en nei in goed 700 yn 2018.

Koartere wachttiden

Neist it tal operaasjes hat it sukses fan it hertsintrum ek gefolgen foar de wachttiden foar operaasjes. Dy binne fan fyftjin wiken nei twa wiken gong yn de lêste jierren. En as lêste wurde der hieltyd mear spesjalistyske operaasjes dien, lykas it ferfangen fan in hertklep mei in iepen hertoperaasje en fia de ljisk.

Foto: Omrop Fryslân

Ferfange of reparearje

Sjirurch John Bol Raap hat yn oktober de hertklep fan de 85-jierrige Klaas van der Meer ferfongen. It hert hat ferskate hertkleppen, dy't der foar soargje dat de bloedstream tusken de hertboezems, hertkeamer en de slachieren ôfsletten wurdt. Dit dogge de kleppen, sadat it bloed net werom streamt.

"Het feit dat je klachten krijgt, betekent dat het hart op een gegeven moment zegt: 'Ik ben het zat om elke keer een hoge bloeddruk te hebben om het bloed te kunnen pompen. Ik kap ermee.' Dat geeft hartklachten", seit Bol Raap. By in lekkende of fernaude hertklep is it dêrom nedich om dy te ferfangen of reparearjen.

Yn it MCL wurde op dit stuit jierliks sa'n 300 hertklepoperaasjes dien, wylst dit yn 2004 noch net iens 100 kear barde.

Foto: Omrop Fryslân

Fia de ljisk

Neist in groei fan it tal operaasjes rint Ljouwert ek foarop yn it Noarden as it giet om techniken. Ein 2008 is it MCL begûn mei it ferfangen fan in hertklep fia de ljisk. By dizze nije metoade wurdt troch in slang fia de ljisk in nije hertklep pleatst. Dit is in folle minder yngripende en belêstende operaasje en wurdt tapast by pasjinten, dy't net holpen wurde kinne mei in gewoane operaasje, omdat dy foar harren te gefaarlik is.

Opskuor

De operaasje fia de ljisk hat yn 2010 foar opskuor soarge. Dit om't minister Klink fûn dat sikehûzen net genôch ûnderfining ha soene om de operaasje te dwaan. En dat wylst it MCL in soad sukses mei de operaasjes hat. Dêrom spande it sikehûs in koart pleit oan tsjin dit beslút en in pear moanne letter mocht it sikehûs trochgean mei hertklepoperaasjes fia de ljisk. Sûnt doe ha der mear as 500 operaasjes west. Alle jierren leit it tal operaasjes tusken de 60 en 70 pasjinten.

Minder komplikaasjes

Ek it tal stjergefallen troch dizze operaasje feroaret bot. Lanlik is it tal minsken dat stjert yn de ôfrûne fjouwer jier mei 50 prosint omleech gong. Dit is te tankjen oan bettere operaasjetechniken, wêrtroch't der minder komplikaasjes binne.

In Iepen Hert

De rige In Iepen Hert is fan 7 oant en mei 10 jannewaris fan 17.00 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân telefyzje. Moandei 7 jannewaris is de earste útstjoering te sjen oer Klaas van der Meer út Menaam. Hy is hielendal net bang foar de operaasje, mar syn frou Baukje hat hjir in oar gefoel by. De rige is ûntstien yn gearwurking mei Hartcentrum Friesland fan Medisch Centrum Leeuwarden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)