Noardwesterstoarm op komst: kearslûzen ticht en noed oer oanspielen kontenerguod

07 jan 2019 - 11:47

De kearslûzen by Goaiïngaryp, Broek, De Jouwer en Lange Sleat wurde moandeitemiddei sletten yn ferbân mei de ferwachte noardwesterstoarm. Dat bliuwt sa oant woansdeitemiddei.

Foto: Omrop Fryslân

Tsjinstregeling

De earste boat fan en nei Skylge fart tiisdei ek net fanwege it waar. It giet dan om de boat fan 7 oere fan Skylge en dy fan kertier foar tsienen nei Skylge. Rederij Doeksen ferwachtet dat de steiger troch it hege wetter net berikt wurde kin.

Kontenerguod

It Fryske Gea is benaud dat troch de stoarm ek it bûtendyks gebiet te meitsjen krijt mei kontenerguod. It giet dan om 4200 hektare tusken Zwarte Haan en Holwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)