Twa Fryske kânshawwers foar it 'Appeltje van Oranje'

07 jan 2019 - 11:27

Twa Fryske projekten meitsje kâns op it 'Appeltje van Oranje 2019'. It giet om de simmerskoalle fan opfangorganisaasje Fier en it doarpssintrum De Beijer út Rinsumageast, dat it moetingsplak foar it doarp is. Lanlik sjoen binne noch fjirtich projekten yn de race foar ien fan de trije 'Appeltjes'.

Foto: ANP Foto

De 'Appeltjes van Oranje' wurde jierliks útrikt troch it Oranje Fonds en binne bedoeld foar bysûndere sosjale projekten. Minsken kinne oant en mei 16 jannewaris stimme. De útrikking is yn maaie yn Paleis Noordeinde troch keninginne Màxima. De winners krije in brûnzen byld dat troch prinses Beatrix makke is. Oan de priis is in jildbedrach fan 15.000 euro ferbûn.

(advertinsje)
(advertinsje)