Ynstellen offisjeel ûndersyk nei kontenerramp noch altyd ûnwis

Dizze wike noch moat dúdlik wurde oft de Onderzoeksraad voor Veiligheid in offisjeel ûndersyk ynstelle sil nei de ramp mei it kontenerskip MSC Zoe. In delegaasje fan de ried hat snein yn Bremerhaven oerlis hân mei ferskate partijen, dy't belutsen binne by de ramp mei it kontenerskip. Ek hawwe se oan board fan it skip west.
kontenerskip MSC Zoe © Wikimedia Commons
De fraach oft it in offisjeel Nederlânsk ûndersyk wurdt, hinget ûnder oare ôf fan wêr't de konteners krekt oerboard slein binne; yn Dútsk of yn Nederlânsk wetter. It skip fart ûnder Panameeske flagge. Ek dat hat ynfloed op it ûndersyk.