Foarstanners fan sânwinning melde har mei spandoeken yn De Fryske Marren

07 jan 2019 - 10:38

Op ferskate plakken yn de gemeente De Fryske Marren binne de ôfrûne wike spandoeken ophongen foar de sânwinning yn de Iselmar. Guon spandoeken hingje njonken buorden fan tsjinstanners. Wa't de spandoeken krekt ophongen hat, is ûnbekend.

Foarstanners fan sânwinning melde har mei spandoeken yn De Fryske Marren

De lokale nijswebside GrootDeFryskeMarren.nl hat in brief krigen fan in âldjiersploech dy't seit ferantwurdlik te wêzen. Neffens it skriuwen giet it om in freoneploech dy't it net iens is mei al it negative nijs oangeande de sânwinningsplannen yn de Iselmar.

De tsjinstanners hawwe al ferskate kearen aksjefierd - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Petysje fan tsjinstanners al 11.000 kear tekene

It is foar it earst dat ek foarstanners fan de sânwinning har melde. De tsjinstanners binne al langer oan it aksjefieren. Sa hawwe se in online-petysje opset dy't yntusken goed 11.000 kear ûndertekene is. De tsjinstanners wolle net dat it bedriuw Royal Smals tastimming krijt om de kommende 30 jier sân út de Iselmar te heljen. Se binne benaud foar ûnder oare lûdsoerlêst en skea oan de natoer.

De gemeenteried fan De Fryske Marren hat it definitive beslút oer de sânwinning útsteld. Dat hawwe se dien om't der fragen wiene oer de beslútfoarming oant no ta. Dêr waarden sels yn de Twadde Keamer fragen oer steld en neffens de koälysjepartijen moasten dy fragen earst beäntwurde wurde foardat der in beslút naam wurde kin oer de sânwinning. Letter dizze moanne soe it opnij op de aginda komme moatte.

Op de riedsgearkomste waard de tussenstân fan de online petysje bekend makke - Foto: Omrop Fryslân

Feiten ontbreken en negatieve oneliners voeren de boventoon.

Brief foarstanners sânwinning

De foarstanners fan sânwinning skriuwe yn har brief dat se mei har spandoeken de diskusje oer de sânwinning wat positive enerzjy jaan wolle. "De één is voor, de ander is tegen en weer een ander weet het niet zo goed, maar de negativiteit van de nee-stemmers wordt de inwoners bijna door de strot geduwd."

De foarstanners fan de sânwinning soene har neffens de brief net langer mear doarre te uterjen. Fan in diskusje is neffens har dan ek al lang gjin sprake mear. "Feiten ontbreken en negatieve oneliners vieren de boventoon."

Wa't der krekt achter de brief sitte, is net bekend. It emailadres dêr't de brief mei ferstjoerd is, is neffens de redaksje fan GrootFryskeMarren net mear yn gebrûk. De tsjinstanners fan de sânwinning sizze graach mei dizze foarstanners yn petear te wollen.

Foto: Age van der Bles
(Advertinsje)
(Advertinsje)