Lange file troch ûngelok op A7 by Drachten

Ferkear op de A7 fan It Hearrenfean nei Grins hat moandeitemoarn lêst hân fan in oanriding by Drachten. By de ôfslach nei Easterwâlde botsten trije auto's troch noch ûnbekende oarsaak op elkoar. Rykswettersteat moast ien rydstrook ôfslute.
© SR Fotografie
Der ûntstie tusken Beetstersweach en Drachten in lange file, mei mear as in heal oere opûnthâld. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. De auto's binne troch in berger fuorthelle.