Ynbrekker (39) fan It Hearrenfean bekent tsientallen ynbraken

Mei de oanhâlding fan in 39-jierrige man fan It Hearrenfean hat de plysje in grut tal ynbraken yn huzen, bedriuwen en auto's oplost. Mei help fan tsjûgen en kamerabylden koe de man oanhâlden wurde. Hy hat bekend ferantwurdlik te wêzen foar fiif bedriuwsynbraken en tsientallen auto-ynbraken.
© Omrop Fryslan
De ôfrûne wiken wiene der in soad ynbraken yn benammen persoane-auto's op It Hearrenfean. By de ynbraken waard mei in soad geweld in rút fernield om binnen te kommen. De bút bestie meastentiids út jild.