Kat deasketten op De Lemmer
Op De Lemmer is it ôfrûne wykein in 2-jierrige kat deasketten. It bist waard yn in steech oan de Suderseestrjitte twa kear besketten. De kat rekke ferwûne en ferstoar letter by de bistedokter oan de ferwûnings.
De eigener hat oanjefte dien en de plysje ûndersiket de saak. Tsjûgen wurde frege harren te melden.