Oare opset Gysbert Japickspriis

Durk van der Ploeg is de priiswinner fan 2011 © Omrop Fryslân
Skriuwer Durk van der Ploeg hat tiisdei by de útrikking fan de Gysbert Japickspriis yn Boalsert in jildbedrach fan 10.000 euro krigen yn stee fan 5.000 euro. Deputearre Jannewietske de Vries hat it prizejild fan de wichtichste literêre priis fan Fryslân ûnferwachte ferdûbele.
Dêrmei honorearde sy in winsk fan de sjuery om it prizejild te ferheegjen. De sjuery stelde fierder foar om fan de Gysbert Japickspriis in oeuvrepriis te meitsjen, lykas no ek bard is by de takenning fan 'e priis oan Van der Ploeg. De provinsje liket ek hjir oan meiwurkje te wollen, mar fynt dat der ek in priis bliuwe moat foar goeie Fryske boeken.