Mintjes kritysk oer oanpak kontenerramp: "Der is te let aksje ûndernaam"

"Der is te let aksje ûndernaam." Dat seit Arjen Mintjes, direkteur fan de Maritime Akademy yn Harns. Hy is kritysk oer de wize wêrop't de ramp mei de konteners fan MSC Zoe oanpakt is. "As der bettere koördinaasje west wie, hiene der earder folle mear konteners opromme wurde kinnen."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Mintjes is benammen kritysk oer it gebrek oan gearwurking tusken de ferskate partijen. "Foar dit soart gefallen leit der gjin kalamiteitenplan. Eltsenien hat wat te sizzen oer it waad. Dêrtroch is der gjin gearwurking. Wy ha it as KNRM Harns yn ús omkriten sels mar regele. En pas letter kaam der koördinaasje op gong, doe't wy sels kontakt sochten. Dat moat better. Ik hoopje dat wy dizze wike mear gearwurking mei-inoar hawwe om dy oare konteners op te fiskjen."

It heart der by

Dosint Jetse Stienstra fan de Maritime Akademy hat it sels nea meimakke dat der konteners oerboard rekken. Dochs wol hy de kapitein fan de MSC Zoe net de skuld jaan. "Elk jier reitsje der op de wrâld sa'n 15.000 konteners oerboard. Dat liket folle, mar op ien sa'n kontenerskip sitte soms al 20.000 konteners. Dat is de oermacht fan de see. Dat heart der in bytsje by."
Arjen Mintjes fan de Maritime Akademy
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.