Kollum: "In nij kopke"

07 jan 2019 - 07:39

"Wa't my wolris foar de kompjûter sitten sjocht, hoecht gjin optisien te wêzen om te konkludearjen dat ik in bril nedich ha. Ik ha it sels ek al wol in skoftke yn 'e gaten. Ik sjoch yn de auto pas hiel let wat der op it boerd stiet. En nûmerbuorden lêze, kin ik al hielendal net mear. As in kollega my wat grappichs op 'e telefoan sjen lit, laitsje ik wat ûnnoazel mei. Hiel earlik; ik ha de helte fan de tiid gjin idee wat ik krekt sjoch. Mei oare wurden: it wurdt heech tiid om aksje te ûndernimmen.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Mar om de stap te setten om myn eagen opmjitte te litten; dat hat nochal wat fuotten yn 'e ierde hân. Freed wie it dan safier. Doe ha ik by Hans west. Ik mei fansels gjin reklame meitsje, dus ik sis gewoan Hans. Hans hat ôfrûne freed myn eagen opmetten. Ik tocht, soks is samar klear. Mar it wie noch in hiele operaasje.

Allerearst moast ik mei it kin op in steuntsje lizze foar in yngewikkeld apparaat mei allerhanne gleskes. Hans skode it iene nei it oare gleske foar myn noas, wêrnei't ik sizze moast oft it byld skerper of minder skerp waard. Wylst er sa dwaande wie, hearde ik Hans sa no en dan ferûntrêstend 'hmmm' en 'okeuh ' mompeljen. Dat beloofde net folle goeds.

Nei't er ek nochris mei in fel lampke yn myn eagen skynd hie, koe Hans syn lêste berekking meitsje. De konklúzje wie helder. Oan beide kanten ha ik eagen mei min twa. Der moat dus in briltsje komme. "Gelukkig hebben we een winkel vol kekke montuurtjes", sei Hans gerêststellend. Mar dêr sit 'm krekt it euvel, want neffens my ha ik gjin holle foar in bril.

Lêstendeis doe't it wat kâlder wie, helle ik de mûtse fan souder. Ik sette it ding op doe't wy te kuierjen soene. "Wat hasto no op 'e kop?", waard my frege doe't ik de keuken yn stapte. "Myn mûtse", sei ik. "Dat stiet net", wie de konklúzje. "Do hast gjin mûtse-holle. Moast sa'n bân keapje ofsa, dit kin echt net."

Blykber kinst dus in mûtse-holle ha. Of net, sa as yn myn gefal. Datselde jildt foar in pet. Hast minsken dy't in echte pette-holle ha. Dy stiet it super stoer. By my stiet in pet nuver. Dat sjoch ik sels ek wol. Myn kop is dan krekt in aai, dêr't it dopke noch boppe-op sit. Dus gjin pet foar my.

Mar no twivelje ik dus. As ik al gjin pette- en gjin mûtse-holle ha; hoe soe it dan aanst komme mei in bril? Earlik: ik sjoch mysels sa ien twa trije noch net mei in briltsje op 'e noas. Ik ha altyd al muoite om in bytsje knappe sinnebril te finen. Lit stean in bril dy't ik alle dagen op ha moat.

Stikem ha ik by de HEMA al efkes de proef op 'e som naam. It stelde my net echt gerêst. Ik ha fiif briltsjes op hân en it stie allegear op fleanen. Ik mei dan oan beide eagen min twa ha, mar dat seach ik wol goed. It past net. Myn holle is net makke foar in bril.

Dat ha ik ek mar earlik tsjin Hans sein. "Geen probleem", sei er. "Dan worden het lenzen. Dat kan net zo goed." Hy hat se fuortendaliks besteld. Dus dizze wike sil ik myn linzen passe. No mar hoopje dat ik wol in linze-holle ha. Oars sit der neat oars op. Dan moat der in nij kopke komme."

(advertinsje)
(advertinsje)