Omrin: "Afval uit de containers is helaas niet recyclebaar"

07 jan 2019 - 07:01

Wat bart der mei al it ôffal út de 281 konteners fan kontenerskip MSC Zoe? Dat is in fraach dy't hieltyd mear minsken harsels stelle. Al it ôffal dat fûn wurdt op de eilannen giet nei de Omrin-ôffaloven REC yn Harns, dêr't hast alles ferbrând wurdt. "Helaas wel", seit Omrin-wurdfierder Jelmar Helmhout. "Dit type afval is niet geschikt om te recyclen."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Wetter, sâlt en sân; it ôffal dat op de strannen en yn it kustgebiet fûn wurdt, hat flink te lijen hân. Dat makket it ôffal net geskikt om it op 'e nij te brûken. Helmhout: "Het afval wat we met z'n allen hebben opgeruimd, is helaas niet eenvoudig recyclebaar door de aantasting van het water, zout en zand. Onze conclusie is dat we dit type afval alleen maar kunnen verbranden. Dan kunnen we er gelukkig nog groene stroom van maken."

Net alles de oven yn

Dochs giet net alles dat fûn wurdt fuortendaliks de oven yn, seit Helmhout mei klam. "Soms zitten er nog wel spullen tussen, zoals elektronica, die geschikt zijn om te recyclen. Maar dat is maar heel minimaal. De rest gaat naar de REC in Harlingen om het daar te verbranden."

Genôch kapasiteit

Dan is de grutte fraach fansels: is der genôch kapasiteit yn Harns? "Jazeker", stelt Helmhout. "Op de eilanden zelf helpen lokale transporteurs zoals loonbedrijven ons uitstekend. Het afval wordt op de eilanden gelabeld, zodat we precies weten waar het vandaan komt. Zo zorgen we ervoor dat het afval zich niet ophoopt."

70 frachtweinen fol

Yn totaal ferwachtet Omrin dat der sa'n 700 ton oan ôffal ynsammele wurde sil. Helmhout: "Om een goed beeld te geven: dat zijn zo'n 70 vuilniswagens vol. De capaciteit van de REC is 700 tot 800 ton afval per dag. Dus we hebben het over een dag volledig werk in de REC. Maar er kan nog meer komen. Alles wat nog aanspoelt, verwerken we uiteraard."

De rekken stjoere

De rekken fan it ekstra wurk kin aanst nei de rederij, wit Omrin. "Dat hebben we afgesproken met alle partijen. Wij hebben de garantie gekregen dat de rederij en de verzekeringsmaatschappij voor deze kosten staan."

Jelmar Helmhout fan Omrin

(Advertinsje)
(Advertinsje)